Fertochte oerfal pakt yn Snits

Oanhâlden © Omrop Fryslân
Yn Snits is sneintenacht in 21-jierrige fertochte oanholden yn ferbân mei in oerfal op in wenning yn it Noard-Hollânske Middenmeer. Earder yn de nacht waarden yn de buert fan de wenning al twa fertochte mannen fan 27 en 29 jier oanholden. De 21-jierrige fertochte naaide út yn in swarte VW Golf oer de Ofslútdyk. Plysjeminsken yn Fryslân wisten de man oan te hâlden.
It wie al de twadde kear yn pear wike tiid dat de man yn Middenmeer de dupe wie fan in oerfal. De plysje trof de man dizze kear fêstbûn oan yn de wenkeamer.