Fytsedieven oppakt yn Ljouwert

Plysje © Omrop Fryslân
Troch in alerte tsjûge binne sneintenacht twa Ljouwerters yn harren wenplak oanholden yn ferbân mei stellerij fan fytsen. De tsjûge seach dat beide mannen oan De Kei mei inkele fytsen omprutsten en warskôge de plysje.
Op it momint dat de plysje te plak kaam woene de beide mannen krekt fuort gean op in stellen fyts. De Ljouwerters binne oerbrocht nei it plysjeburo.