Man ferfelend yn Huzum-doarp

16 jul 2012 - 10:35

De plysje hat sneintejûn by in soarchynstelling yn Huzum-doarp in 19-jierrige ynwenner fan Britsum oanholden omdat er ferfelend wie. Oan it begjin fan de jûn waard de plysje der al by helle, omdat de man net fuort gean woe. Letter op de jûn kaam de Britsumer werom by de soarchynstelling en bedrige ien fan de bewenners.

Nei in koarte achterfolging koe de fertochte oanholden wurde. De bedrige bewenner hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Huzum-Doarp
(advertinsje)