Hicham Kherrazi nei Aris
De Ljouwerter basketbalklup Aris hat in nije spiler oanlutsen. It giet om de 24-jierrige Hicham Kherrazi. De 1 meter 95 lange basketballer komt út de jeugdoplieding fan Amsterdam, mar hy spile it ofrûne seizoen yn de Marokkaanske kompetysje. Kherrazi stiet neffens Aris bekend om syn grutte wurklust en syn ferdigenjende kwaliteiten.