Man fytst tsjin ferkearsboerd
Op Nijtap by De Pein is snein in 45-jierrige fytser út Surhústerfean ferwûne rekke. De man fytste net op it fytspaad mar op de dyk en wie tsjin in ferkearsboerd oanriden. Dat stie dêr, omdat der wurke wurdt oan de dyk. De fytser foel en moast oerbrocht wurde nei it sikehûs.