Jonkjes rinne op sneldyk A32

16 jul 2012 - 10:10

Twa jonkjes fan seis en ien fan trije jier út Aldskoat besochten snein de A32 oer te stekken. Se wiene oan it boartsjen nêst de sneldyk en besleaten dat se nei de oare kant woene. Tal fan automobilisten bellen fia 112 de plysje. Ien fan de passearjende automobilisten hat de jonges fan de dyk helle en nei hûs brocht.

De plysje is mei nei it hûs fan de jonkjes gien en hat mei de âlders praat.

Trefwurden: 
A32 Aldskoat
(advertinsje)