Stellen auto rydt feart yn

16 jul 2012 - 10:04

De plysje ûndersiket de stellerij fan in auto. Dy waard yn de nacht fan sneon op snein fûn yn in sleat oan de Koailoane yn Ferwert. Omdat net dúdlik waard oft der ek minsken yn sieten, waard de brânwacht ynskeakele. Dy hat gjin minsken fûn.

Ut ûndersyk fan de plysje die bliken dat de auto earder dy jûn stellen wie fan in bedriuweterrein yn it doarp. Dy plysje is no op syk nei de dieder.

Trefwurden: 
Ferwert stellen auto
(advertinsje)