Fernielings yn Stiens

16 jul 2012 - 09:54

De plysje ûndersiket fernielings yn de nacht fan sneon op snein yn Stiens. Yn de Hazzelnútstrjitte waarden fan fjouwer auto's de bannen lek stutsen, dat barde ek by in fyts.

Oan de Brédyk waarden fjouwer lantearnepeallen fernield en waarden de ruten fan in bushokje ynslein. De plysje is noch op syk nei de dieders.

Trefwurden: 
Stiens fernielings
(advertinsje)