Goud op olympiade nei Goutumer

16 jul 2012 - 09:28
  • Jetze Zoethout

Jetze Zoethout fan it kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert hat in gouden medalje wûn by de ynternasjonale wiskunde olympiade yn Argentinië. De 17-jierrige Zoethout út Goutum wist fjouwer fan de seis opjeften sûnder flaters op te lossen. In útsûnderlike prestaasje neffens de oanbelangjenden.

Yn de 42 kear dat Nederlân meidien hat oan de olympiade is mar twa kear earder goud wûn. No wie der ek noch goud foar in learling út Goirle. Nederlân wûn fierder noch trije brûnzen medaljes en in earfolle fermelding.

(advertinsje)