Brân yn loads mei crossauto's

16 jul 2012 - 08:26

Der hat yn de nacht fan snein op moandei brân west yn in loads oan de Bûtenskar yn Koudum. Yn de loads stiene in oantal crossauto's. De flammen sloegen út it dak en der waarden knallen heard. Ut it earste ûndersyk docht bliken dat de brân op ferskate plakken yn de loads is ûntstien. De plysje slút brânstichting dan ek net út. Oardel jier lyn is de loads ek al ris útbaarnd, mar dêrnei wer op 'e nij opboud.

(advertinsje)