Dûbelslach foar Daniël Iseger

15 jul 2012 - 17:34

De frije formaasjepartij yn Ljouwert is snein wûn troch it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger. It is de twadde oerwinning op rige foar Iseger, dy't sneon ek al de bêste wie by de útnoegingspartij yn Makkum. Yn de finale waard mei 5-2 en 6-2 wûn fan Johan van der Meulen, Folkert van der Wei en Marten Feenstra. De lytse preemje wie foar Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Pier Piersma.

Yn 2 jier tiid stie it partoer fan Van der Bos 40 kear yn 'e finale, wêrfan der 33 partijen omsetten waarden yn winst.

Gert-Anne van der Bos is útroppen ta kening.

(advertinsje)