Deuschle wint Highland Games

It Iepen NK Highland Games yn Appelskea is snein wûn troch de Dútser Andreas Deuschle. Twadde waard syn lângenoat Hans-Dieter Dorow. Mei dielnimmers út Dútslân, Kroäsië, Eastenryk, Skotlân, Nederlân en Fryslân mocht de organisaasje rekkenje op in ynternasjonaal selskip.
Op it programma stienen de 5 tradisjonele ûnderdielen: beamstam goaie, stien sjitte, hammer slingerje, gewicht heechsmite en gewicht fiersmite. Grutte kânshawwer Wybe Zeilstra út Easterwâlde fersmiet letterlik syn kânsen mei trije flaters op it ûnderdiel gewicht fiersmiten.
De organisaasje sjocht werom op in tige slagge evenemint, mei in soad taskôgers. De dei waard presintearre troch speaker Wout Zijlstra.