Drankriders beboete

© ANP XTRA
Op ferskate plakken hat de plysje it rydbewiis ynnaam. In jonge (17) op in brommobyl moast yn Noardburgum blaze. Hy krige in rydferbod en in proses-ferbaal. In Hagenaar (31) moast yn Sint Nyk blaze. De bestjoerder ried mei skea op de A6 nei't er yn Ljouwert tsjin in peal botst wie. Hy hat in rydferbod en in proses-ferbaal krigen. In bestjoerder (62) út Readtsjerk moast blaze om't er slingerjend oer de Lauwersseewei ried. Hy hat in rydferbod en proses-ferbaal krigen.