Drachtster drige mei luchtbuks

15 jul 2012 - 14:30

In Drachtster (21) is sneontenacht oppakt om't er in foarbygonger op De Meer mei in luchtbuks bedrige. De foargonger belle de plysje en nei in koarte syktocht is de man fûn. Hy hie de luchtbuks op spanning brocht om der mei sjitte te kinnen.

It wapen is yn beslach naam en de man is nei it buro oerbrocht foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)