Ariëns komt tûzenste te koart

15 jul 2012 - 14:29

Crispijn Ariëns fan Wolvegea seach sneon yn Otterlo de winst yn de 8e etappe fan de KPN Inline Cup skeelerjen oan syn noas foarby gean. De klassemintslieder kaam yn in spannende einsprint in tûzenste fan in sekonde te koart. De oerwinnig wie foar Koen Verweij út Alkmaar. Niels Mesu, de Sieu dy't yn Tsjalbert wennet, waard tredde.

De wedstriid waard dominearre troch in sjippegled parkoers, wat soarge foar in soad falpartijen. Fan de 26 dielnimmers helle úteinlik mar de helte de einstreek.

By de froulju waard Margo van der Merwe út Wolvegea fyfde. Dêrmei klimt se nei it twadde plak yn it algemien klassemint, ien plakje boppe Elma de Vries, dy't yn Otterlo njoggende waard.

Trefwurden: 
skeelerjen KPN Inline Cup
(advertinsje)