Dwers yn Heech

© ANP XTRA
In man (19) út Heech is sneontenacht oanhâlden. Hy wie dronken en foel oare minsken lestich. Earder hie in befeiligingsmeiwurker him op syn gedrach oansprutsen. De plysje frege de man om út it sintrum te gean. Hy kaam al gau wer werom en gie net wer fuort. De plysje hat him doe meinaam.
Op it festivalterrein fan it Heechsimmerfestival yn Heech binne sneontenacht trije minsken oanhâlden. In ynwenner(17) út Easthim, ien (19) út Drylts en ien (17) út Abbegea wiene dronken en diene ferfelend. Nei in rûzje is it trio oppakt. Se binne bekeurd.