Klups ha akkoart oer Narsingh

15 jul 2012 - 14:08
  • Technysk direkteur Johan Hansma

SC Hearrenfean en PSV binne it iens wurden oer de transfer foar goed 4 miljoen fan Luciano Narsingh. De oanfaller (21) is sels noch yn ûnderhanneling mei PSV. Technysk direkteur Johan Hansma fan SC Hearrenfean hat dat befestige. De ferwachting is dat Narsingh en PSV der binnen in wike ek út binne. Narsingh spile it lêste seizoen hast alle wedstriden by de Friezen en skoarde acht kear. Dêrneist wie er benammen bekend as wichtichste oanjouwer fan nasjonaal topskoarder Bas Dost. Narsingh makke mei dêrtroch syn debút yn it Nederlânsk alvetal.

(advertinsje)