Jonges smite fyts yn kanaal

15 jul 2012 - 14:02

Trije baldiedige jonges (15 en 16) út Ljouwert en Kleaster-Lidlum binne sneontejûn yn Ljouwert oppakt. In tsjûge hie sjoen dat it trio in fyts fan de Drachtsterbrêge ôf yn it Van Harinxmakanaal smieten. De plysje koe de jonges dy't útnaaie woene, oanhâlde op de Wiardaplantage. Neffens de jonges wie ien fan har fytsen stikken gien en hiene se dy dêrom yn it kanaal smiten. Se ha in bekeuring krigen.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)