Swier ferwûne nei fal fan trep

Traumahelikopter © ANP Kippa
In man (57) út Ferwâlde is sneon slim ferwûne rekke doe't er by syn hûs oan De Buren foel. Troch noch ûnbekende oarsaak foel er fan in trep en kaam yn in blombak telâne. Hy waard net goed en moast reanimearre wurde. Earst diene omstanners dat, letter naam de plysje dat oer. Hy krige wer in hertslach.
It slachtoffer is mei de traumahely nei it UMCG yn Grins brocht.