Solarrace krijt nije klasse

15 jul 2012 - 13:28

De Solar Challenge wurdt oer twa jier wer hâlden. Dy sinneboatrace sil foar noch mear dielnimmers tagonklik wurde. De Solar Challenge wurdt mei in ekstra klasse útwreide. Njonken de top-, A en B-klasse kinne minsken ek meidwaan yn de standertklasse.

It skipsûntwerpbedriuw Vripack út Snits komt mei in standertsinneboat wêrmei't elkenien dielnimme kin. It stichtingsbestjoer fan de Solar Challenge mikt fral op dielname fan skoallen.

(advertinsje)