De Hoeve is ferkearsûnfeilich

15 jul 2012 - 12:37

De ferkearssituaasje yn De Hoeve yn Weststellingwerf moat feiliger. Dat sizze de ynwenners fan dat doarp. Bestjoerder ride te hurd troch it doarp en der komt ek hieltyd swierder en grutter lânbouferkear del. Om de omjouwing bewust te meitsjen fan de gefaarlike ferkearssituaasje, is de ôfrûne wykein in pilot begûn. Op de basisskoalle krije bern les oer ferkearsfeiligens en in wykagint kontrolearret op hurd riden.

As dizze pilot goed ferrint, sille mooglik ek sokke projekten dien wurde yn oare doarpen yn de gemeente.

(advertinsje)