Friese Koers: jild nei Starum

15 jul 2012 - 12:30

De steatefraksje fan Friese Koers wol sân miljoen euro ynvestearje yn de ûntsluting fan Starum. De partij wol it jild brûke dat foar in spoarline tusken It Hearrenfean en Grins wie. De gemeente Súdwest-Fryslân skreau earder al in brief oan de provinsje, mei it fersyk om jild te jaan foar rûnwegen om Himmelum en Warns hinne.

Friese Koers sil by de behanneling fan de kadernota 2013 in moasje oer dit ûnderwerp yntsjinje.

Trefwurden: 
Friese Koers
(advertinsje)