Cambuur wint rom fan Kollum

15 jul 2012 - 11:08

Cambuur hat sneontejûn mei 12-0 wûn fan sneons twaddeklasser Kollum. By it skoft wie it 6-0 foar de profs. De goals waarden makke troch Dantuma, Rose, De Vries, Barto (2x) en De Leeuw.

Nei de rêst rûn Cambuur út nei 12-0 fia goals fan Schokker, Van der Heide (2x) El Makrini, Hemmen en Diemers. Cambuur giet de kommende wike op trainingskamp nei De Veluwe. Rjochtsbûten Dammyano Grootfaam fan NEC komt de kommende wike op proef by de Ljouwerters.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
(advertinsje)