Hearrenfean spilet gelyk

© awfoto.nl
SC Hearrenfean is sneon yn in oefenwedstryd tsjin FC Eindhoven net fierder kaam as 1-1. Hearrenfean kaam al betiid yn de wedstryd op foarsprong. Nei 6 minuten makke Ramon Zomer 1-0.
FC Eindhoven, ôfrûne seizoen de nûmer trije fan de Jupiler League, kaam nei in goed oere spyljen werom troch in doelpunt fan Verkoelen. Hy skoarde út in frije traap. Foar SC Hearrenfean wie it de lêste wedstryd fan in trainingskamp op Skylge.