Pijper bliuwt twadde WK stân

14 jul 2012 - 22:44

Theo Pijper is ek nei de fjirde wedstriid fan it WK langbaan twadde yn de tuskenstân. Yn it Frânske Marmande waard sneon opnij riden, neidat de wedstriid op freed troch it minne waar net ôfmakke wurde koe. Pijper wûn trije searjes en waard ien kear twadde. Yn de heale finale waard er ek twadde, mar yn de finale mar fiifde. De Fin Joonas Kylmäkorpi wûn foar de tredde kear dit seizoen. De regearend wrâldkampioen hat no 108 punten, Pijper stiet op 93 punten. Jannick de Jong waard yn de heale finale útskeakele en stiet no tsiende yn de tuskenstân.

Dirk Fabriek hat sneon de ynternasjonale wedstriid op de gersbaan fan Loppersum wûn. Henry van der Steen waard twadde en de Dútser Christian Hülshorst tredde.

(advertinsje)