Berltsum wint NK froulju

14 jul 2012 - 20:56
  • Harkje nei de bydrage oer it frouljuskeatsen

Berltsum pakte sneon yn Grou nei in spannende keatsdei de oerwinning op de bûnspartij foar froulju. Ilse Tuinenga, Leonie van der Graaf en Harmke Siegersma wiene nei in 3-0 efterstân de winner fan 2011, Ie, mei 5-4 en 6-6 de baas. Leonie van der Graaf makke de partij út mei in boppeslach. Foar Ie keatsten Froukje Wolters, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken. Berltsum, ek yn 2008 de bêste, hie it yn de heale finale dreech tsjin Boazum, dat de partij mei 5-5 en 6-4 ferlear. Dêrmei pakte Boazum, krekt as Boalsert, de tredde priis.

Trefwurden: 
keatsen
(advertinsje)