Hollân wint fierljeptwakamp

14 jul 2012 - 18:05
  • Fryske ljepper Niels Koetsier
  • Priisútrikker Foppe de Haan

By de fierljeptwakamp yn Jaarsveld hat Hollân sneon wûn fan Fryslân. It ferskil nei krapoan trije omlopen wie 3.33 meter. De 70ste edysje wie in hiele wietenien. It springen koe pas letter begjinne en waard in pear kear stillein en úteinlik yn de tredde omloop ôfbrutsen. Oan de twakamp diene junioaren, senioaren, froulju en jonges mei. Fan de 70 kear hat Hollân no 15 kear wûn. Fryslân wie it bêste by de senioaren en jonges. Hollân wûn mei oermacht by de junioaren en mei lyts ferskil by de froulju.

Trefwurden: 
fierljeppen twakamp
(advertinsje)