Replika âlde blazer opknapt

14 jul 2012 - 17:42

Nei in renovaasje fan in jier kin de blazer TX11 wer farre. It fiskersskip is sneon yn Warkum yn it wetter litten. It skip is in replika fan in âlde blazer dêr't noch mar ien orizjinele fan is. Skipshelling De Hoop yn Warkum hie de slim fertutearze boat foar tsien jier yn brûklien krigen fan it Suderseemuseum yn Enkhuzen.

De restaurearre blazer is in replika út 1980. De orizjinele TX11 is sa'n hûndert jier earder boud, ek op de skipswerf yn Warkum. De restauraasje koste mear as in ton It skip bliuwt by de skipswerf lizzen en wurdt ferhierd.

Trefwurden: 
Warkum skipswerf blazer
(advertinsje)