Drugskontrôle by boaten

14 jul 2012 - 17:24

By in grutte drugskontrôle by de fearboatterminal yn Harns ha 12 minsken in boete krigen foar it besit fan soft- en harddrugs. De aksje is freed en sneon hâlden troch de plysje, de maresjesee en justysje. Alle reizgers nei Skylge en Flylân binne troch in speurhûn kontrolearre. Njoggen jongeren krigen in boete fan 60 euro om't se softdrugs by har hiene. Trije folwoeksenen krigen in proses-ferbaal foar it besit fan softdrugs, kokaïne en XTC-pillen. Ek is fjoerwurk yn beslach naam en trije stellen plaknambuorden.

Trefwurden: 
drugskontrôle
(advertinsje)