Trio Ferwerda wint yn Makkum

14 jul 2012 - 17:07

De haadklasse útnoegingspartij yn Makkum is sneon wûn troch it partoer fan Site Ferwerda, Hylke Bruinsma en Daniël Iseger. Dy lêste waard útroppen ta kening. Se wiene yn de spannende finale mei 5-4 en 6-0 te sterk foar Martijn Olijnsma, Renze Pieter Hiemstra en Sjoerd de Jong. Dit partoer stie 5-1 achter, mar kaam werom ta 5-4.

De lytse preemje wie foar it partoer fan Johan van der Meulen, Jacob Klaas Haitsma en Alle Jan Anema.

Trefwurden: 
keatsen
(advertinsje)