Jailbreak Festival yn Ljouwert

14 jul 2012 - 17:01

Op it earste Jailbreak Festival yn Ljouwert wiene tattoos, grutte weinen en rock and roll it biedwurd. It festival is dit wykein yn de âld-finzenis De Blokhúspoarte. It nije festival rjochtet him neist muzyk ek op keunst en tatoeaazjes. Tsientallen tatoe-earders út binnen- en bûtenlân litte yn it eardere sellekompleks har keunsten sjen.

It idee foar Jailbreak komt út de groep minsken wei dy't earder ek belutsen wie by it Fryske Cash projekt. De Eindhovense band Peter Pan Speedrock is sneontejûn de haadact.

Trefwurden: 
Jailbreak Festival
(advertinsje)