Finish fan Solarboaten

De sinneboaten fan de Solar Challenge binne sneon oankaam yn de Prinsetún yn Ljouwert dêr't de finish wie. Se ha in wike lang by de Fryske alve stêden lâns fearn. Winner yn de topklasse is de boat Gowrings Continental út Maasdam. Ljouwert is mei it Private Energy Solar Team twad wurden yn dy klasse. Yn de A-klasse wie de boat fan ROC de Friese Poort út Snits de bêste. Se krigen ek de Design Award. Yn de B-klasse wie it team fan de hegeskoalle út Amsterdam earste.
De Solar Challenge wie dit jier foar de fjirde kear. Der wiene 43 teams.
De winnende tiid fan de nûmer 1 yn de topklasse wie 10 oeren, 40 minuten en 28 sekonden.