Schuil/Nummerdor neist poadium

14 jul 2012 - 14:27

Beachfollyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor ha gjin medalje pakke kinnen op it grandslamtoernoai yn Berlyn. Se ferlearen sneon yn de heale finale mei 21-17 21-18 fan de Braziliaanske wrâldkampioenen Alison Ceruti en Emanuel Rego.

Ek de striid om it brûns gie ferlern. Tsjin de Poalen Grzegorz Fijalek en Mariusz Prudel kaam it duo krekt te koart mei 21-18 en 21-19.

Schuil en Nummerdor sille moandei as earste Nederlanners harren yntrek nimme yn it Olympysk doarp yn Londen.

Trefwurden: 
beachfollybal
(advertinsje)