Strjitrôf yn Ljouwert

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
Twa Ljouwerters (40 en 23) binne freedtenacht op strjitte oerfallen. It duo fytste op de Oldegalileën doe't twa jonges de man fan de fyts lutsen. By de wrakseling dy't ûntstie krige de man klappen. De oerfallers woene jild ha. Under driging fan in mes moast de frou in mobile telefoan en jild ôfjaan. De oerfallers binne mei wat jild útnaaid. It giet om jonge jonges fan 1.65 meter mei in donkere hûd. Se hiene in kapusjon oer de holle en in sjaal foar de mûle. Se praten Nederlânsk mei in Antilliaansk aksint.
De plysje ûndersiket de strjitrôf.