Selatuinen is goed B&B-adres

14 jul 2012 - 13:42

Bêd&brochje Selatuinen yn Appelskea is troch de Volkskrante útroppen ta ien fan de bêste fan Nederlân. De resinsint fan de krante wie yn april te gast. Hy wie benammen te sprekken oer de selsmakke hapkes dy't de eigeners op tafel setten. Se brûke produkten út eigen tún.

Nederlân hat goed 4500 bêd&brochjes. De Volkskrante hat de ôfrûne jierren dêr in hiel soad festigings fan test.

(advertinsje)