Dronken man skelt plysjes út

14 jul 2012 - 12:57

De plysje hat freedtenacht in Ljouwerter (26) oanhâlden. De man hie op it Ruterskertier yn Ljouwert spul krigen mei in oare man. Doe't de plysje dêryn bemiddelje woe, waard de Ljouwerter - dy't ûnder ynfloed fan drank wie - lilk en skold de plysjeminsken út.

De plysje hat de man dêrom oanhâlden.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)