Trije bekeurings yn ien kear

14 jul 2012 - 12:43

In Ljouwerter (41) is freedtejûn mei trije bekeurings thúskommen. Hy waard earst betrape op it troch read riden op it krúspunt by Goutum. Doe't de plysje him ynhelle om him dêr in bekeuring foar te jaan, seagen se dat er oan it beljen wie. By de kontrôle rûkte de plysje in dranklucht en waard dúdlik dat er ek tefolle dronken hie.

Foar elke oertreding krige er in bekeuring.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje
(advertinsje)