Jorritsma op 'e bres foar LC

14 jul 2012 - 12:36

Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma komt op foar de posysje fan de Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden. Mei syn twa kollega's Max van den Berg fan Grinslân en Jacques Tichelaar fan Drinte hat Jorritsma in brief stjoerd nei de topman fan de ING.
Se wolle dat beide kranten yn noardlike hannen bliuwe. De bank is de finansier fan de NDC Mediagroep dêr't beide kranten by hearre. De groep stiet te keap, ek al om't de holding dêr't de NDC ûnder falt sa'n 180 miljoen euro skuld hat.

At de ING de NDC Mediagroep oan de heechste bieder ferkeapet, driget in sjoernalistike ferearming. In noardlik konsortium hat in bod dien op de NDC Mediagroep, mar de ING fynt dat te leech.

(advertinsje)