Boete foar swimmen by sânsûger yn de plas by Skûlenboarch

11 aug 2020 - 18:21

Minsken dy't yn de plas by Skûlenboarch yn de buert fan de sânsûger swimme, kinne in boete krije. It is ferbean om dêr te swimmen om't it hiel gefaarlik is. Neffens de plysje fan Noardeast-Fryslân is de tiid fan warskôgjen oer. De bekeuring kin oprinne oant 225 euro.

Skûlenboarch

Ut de plas wurdt wer sân wûn. Troch dy winning kin ûnder wetter in 'tornado' ûntstean en dat is gefaarlik. Dêrneist komt der hiel kâld wetter nei boppen by it sânwinne. "Dat is tusken de 7 en 8 graden. "Ast dêr ynkomst, dan ferkrampst en dan kinst neat mear. Do rekkest yn panyk en skrikst, en dan sinkst ûnder wetter", sa seit Ruurd Huitema fan it sânwinningsbedriuw.

Ruurd Huitema fan it sânwinningsbedriuw

De sânwinning by Skûlenboarch - Foto: net bekend

De plysje krijt meldingen dat minsken oer de stekken klimme en by de sânsûger swimme. "Allinnich al saterdei ha ik seis minsken út it wetter helle", seit Henriëtte Talstra fan de plysje. "Wat my opfalt is dat in soad minsken tsjin my sizze dat se it net witte. Sa asto dat útleist dat de boaiem gefaarlik is, dat witte wy net. Fandêr dat wy sizze dat we der wat mei dwaan wolle", seit Talstra. De plysje besiket de minsken op sosjale media te attindearjen op de gefaren.

Henriëtte Talstra fan de plysje

(Advertinsje)
(Advertinsje)