Wetterplysje dielt ferskate boetes út op it Fryske wetter

10 aug 2020 - 14:23

De wetterplysje hat snein ferskate boetes útdield op it Prinses Margrietkanaal oan boatsjefarders foar te rap farren. Sa krige in 22-jierrige skipper út Kollum in bon, lykas in 26-jierrige boatsjefarder út Drachten.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Ek yn Grou waarden ferskate boetes útdield op de Wide Ie. Sa krige in 15-jierrige skipper út Grou in boete, lykas in 23-jierrige man út Earnewâld. Dizze lêste waard op de bon slingere om't er gefaarlik tusken oare boatsjes troch slingere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)