Thialf gasthear foar it EK Allround & Sprint en World Cup-finale

IIsstadion Thialf is op 8, 9 en 10 jannewaris gasthear foar it EK Allround & Sprint. Dat docht bliken út de ynternasjonale wedstriidkalinder foar it langebaan reedriden, dy't de ISU moandei bekend makke hat. Njonken it EK Allround & Sprint is Thialf ek it plak dêr't op 6 en 7 maart de World Cup-finale ferriden wurdt.
© Omrop Fryslân, Darshan Boerema
Wol seit de ISU der by dat de wedstriidkalinder noch feroarje kin fanwege it coronafirus. Ein augustus sil der definityf grien ljocht jûn wurde foar de earste World Cup-wedstriid yn Tomaszów Mazowiecki fan 13 oant en mei 15 novimber.