Trajektkontrôle op N351 tusken Wolvegea en Easterwâlde start op 17 augustus

10 aug 2020 - 13:54

Fan moandei 17 augustus ôf wurdt de trajektkontrôle op de N351 tusken Wolvegea en Easterwâlde yn wurking steld. Ferkear wurdt troch it kontrôlesysteem mei kamera's kontrolearre op snelheid. Op de N351 jildt in maksimum snelheid fan 80 kilometer, mar in soad minsken ride te hurd.

De N351 by Aldeholtpea - Foto: Google Street View

Mei in kamera kin presys metten wurde hoe hurd der riden wurdt. Bestjoerders dy't te hurd ride, krije automatysk in boete fan it Centraal Justitieel Incassobureau. De trajektkontrôle tusken Wolvegea en Easterwâlde is it fjirde kontrôletrajekt op N-diken dat yn wurking steld wurdt. Ek op de N381 tusken Drachten en Emmen wurdt in trajektkontrôle realisearre. Dy is op dit stuit noch net aktyf.

Gefaarlikste diken fan Nederlân

Ut ûndersyk fan de ANWB die ferline jier bliken dat provinsjale diken de gefaarlikste diken fan Nederlân binne. Mar leafst 20 prosint fan alle deadlike ûngelokken bart op dit soart diken. Yn Nederlân kamen de ôfrûne fjouwer jier 427 minsken om it libben op in provinsjale dyk of fytspaad.

(Advertinsje)
(Advertinsje)