Arriva set 'kuchskermen' yn bussen om swartriden tsjin te gean

10 aug 2020 - 13:13

Busferfierder Arriva set 'kuchskermen' yn alle bussen yn. De skermen binne bedoeld om de bussjauffeur te beskermjen, wêrtroch't reizgers tenei wer foaryn ynstappe kinne. Dêrmei wol de busferfierder it groeiende tal swartriders tsjingean. It is noch in hiele operaasje om de skermen te pleatsen.

In bus fan Arriva - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Fanwege it coronafirus moasten reizgers achteryn ynstappe. Dêrtroch wie it sicht fuort op it yntsjekken en wiene der in soad minsken dy't swartrieden. Dat fernamen se ek by Arriva, fertelt Nikkie Smit. "It sicht wie fuort, lykas it sosjale kontakt. Wy seagen ek in taname fan it tal swartriders. Gelokkich wie der ek seker in diel fan de minsken dy't wol gewoan yntsjekte."

Alde normaal

It kuchskerm is in goeie oplossing foar dit probleem. "Wy gean in lyts bytsje werom nei it âlde normaal", seit Smit. "Foarhinne moasten minsken ek gewoan foaryn ynstappe. Sjauffeurs sitte op in bus om't se it kontakt mei de reizgers moai fine. Dat wie no in stik minder, dus dit berjocht wurdt seker posityf ûntfongen troch de sjauffeurs."

Dochs kin it noch wol efkes duorje foar't de skermen yn de bussen stean. It pleatsen fan de skermen is nammentlik in grutte logistike operaasje. Wannear't de skermen pleatst wurde, kin de bus tydlik net ride. En dus ha se it op de planning-ôfdieling en de technyske ôfdieling smoardrok om alles yn goede banen te lieden. Smit: "Wy ha nochal wat bussen, dy't oanpast wurde moatte. Elke soart bus hat krekt wer oare ôfmjittings, dus it is maatwurk. Us ôfdieling technyk hat noch wol efkes in klus de kommende wiken. Wy hoopje dat yn oktober alle bussen in skerm hawwe."

De bussen ride gewoan harren tsjinstregeling, seit Smit ta. Benammen jûns en yn de nacht wurde de bussen oanpast. Foar reizigers bliuwt de maatregel dat se in mûlkapke op ha moatte as se yn de bus stappe.

Nikkie Smit fan Arriva

(Advertinsje)
(Advertinsje)