Akteur Popke van der Zee ferstoarn

10 aug 2020 - 12:51

Akteur Popke van der Zee is sneon ferstoarn. Hy is 64 jier wurden. Van der Zee wie al in skoftke slim siik.

Foar dy, nei dy - Foto: Jilmer Postma

Van der Zee wie learaar Ingelsk op it Bogerman College yn Snits. Dêrneist wie er betûft amateur toanielspiler. Hy hat meardere kearen meidien oan it iepenloftspul yn Jorwert. Ek spile er yn skoaltelefyzjeprogramma's fan Omrop Fryslân.

Nei't Van der Zee earder ophâlden wie mei wurkjen, stoarte er him folslein op it teäterwurk. Hy spile yn grutte produksjes as de 'Tocht van Morgen' en 'Lab Molke'. Mar ek yn lytse yntime foarstellings as 'Juster is fuort' mei Hilly Harms oer demintens en 'Foar dy, nei dy'.

Persoanlik fertriet

'Foar dy, nei dy' gie oer it ferlies fan in bern. Popke van der Zee en syn frou Wieke de Haan ferlearen sels yn 1999 in berntsje: Piter fan hast 2 jier. Hy ferdronk yn de feart achter harren hûs. Yn 'Finster op Fryslân' fertelde Van der Zee yn 2017 oer dit ferlies en oer poëzy fan Douwe Tamminga dy't him ta treast wie.

Popke van der Zee, Finster op Fryslân

Popke van der Zee oer in poëzij-bondel fan Douwe Tamminga: "In Memoriam".

Popke van der Zee is 64 jier wurden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)