Hunningkeamer yn Moddergat

14 jul 2012 - 12:23

Yn Moddergat is sneon in Hunningkeamer iepene. Dit is in lyts museum yn in âld fiskershúske dêr't guod te sjen is dy't ymkers eartiids brûkten. Dit guod wie earder altyd te sjen yn it Waddeninformatiecentrum, mar dêr wie net mear genôch plak. Yn it museum binne ûnder oare in hunningslinger, in waaks-kearsemakkerij te sjen en fierder is der ynformaasje oer de bij te finen.

Sneon en snein binne de lanlike iepen dagen fan bijehâlders. Oeral yn it lân litte ymkers sjen hoe't se wurkje.

Trefwurden: 
Moddergat hunningkeamer
(advertinsje)