Brânwacht hellet poes út de put yn Ljouwert
De brânwacht fan Ljouwert hat yn de nacht fan snein op moandei in kat út syn benaude posysje helle. It bist siet fêst yn in put oan de Amelandswinger yn Ljouwert.
Doe't de brânwacht it bist út de put helje soe, sprong er yn in buis en bedarre yn de grêft. Dêr koe in dûker him úteinlik út it wetter fiskje.