Motorrider rekket slim ferwûne op A7 by Aldehaske

10 aug 2020 - 08:46

In motorrider is sneintejûn slim ferwûne rekke by in iensidich ûngelok op de ôfrit fan de A7 by Aldehaske. De man rekke yn de bocht de macht oer it stjoer kwyt en bedarre yn de sleat neist de dyk. It slachtoffer koe sels út de sleat komme, mar is dêrnei ûnder begelieding fan in dokter fan de trauma-helikopter nei it sikehûs yn Grins brocht.

Foto: De Vries Media

In berger hat de motor út de sleat helle. De op- en ôfrit wie tydlik ticht.

Trefwurden: 
A7 motorûngelok Aldehaske
(Advertinsje)
(Advertinsje)