Kollum: Benzinekraantsje

10 aug 2020 - 08:31

"Sa'n prachtich âld Volkswein-buske mei fan dy smûke gerdyntsjes foar de ramen. Al jierren bin ik fereale op dizze oldtimer-campers. Samar ynienen kaam ik se dizze simmer oeral tsjin, mei in buordsje te keap op de oprit fan in hûs of yn in advertinsje op Facebook. Hoe faker ik der ien seach, hoe mear oertsjûge ik rekke om der ien te keapjen. Yn july wie it hast safier. Hast, want myn ferstân hold my tsjin. En myn gebrek oan twa rjochter hannen.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Ik moat sizze: no't wy in klushûs ha, wurd ik hieltyd handiger. Alteast, as it op klussen oankomt. Wy fervje sels de dakgoaten, reparearje ferrotte kezinen, strate op 'e nij it paadsje yn de tún en wy binne sels fan plan om eigenhannich de carport te bouwen. As we net witte hoe't it moat, is Google ús bêste klusadviseur. Kinst tsjintwurdich alles op ynternet fine.

Mar as it giet om motors, bougies of silinders dan binne wy echte nullen. Ik ha noch noait oan in brommer knutsele, lit stean ûnder de motorkape fan myn auto koekeloerd. Wêr't myn broer eartiids alle wykeinen oan syn Kreidler siet te sleuteljen of yn de smarput ûnder syn BMW lei, hie ik leaver in fyts. Dan wist ik yn elk gefal seker dat er it die. Gjin fersûpte motor, chokes dy'tst ferjitte kinst of smoarge kleppen.

En lit dat no krekt it punt wêze wêrom't ús camperdream net trochgong is. Us gebrek oan motorûnderfining. Mei al dy nostalgy en dy smûke gerdyntsjes út de jieren '70 keapest fansels ek in motorblok dat al goed fyftich jier âld is. Dat betsjut dat sa'n bistje nei in skoft stil stean fêst wolris seit: RUR. Red Uw Reet. En dan witte wy beide net hoe't we 'm wer oan de praat krije moatte. De kâns is grut dat ús wykeintsje-fuort-wille al op it hiem omslacht yn fakânsjefrustraasje.

"Mar sa ûnhandich binne jim dochs net?", frege myn broer doe't wy ôfrûne wike fertelden dat it camperplan al wer fan de baan is. "Jim snappe dochs wol in lyts bytsje hoe't in motor wurket?" "Eeeh ", stammelen we. En doe moasten wy mei de billen bleat.

Sûnt juny ha wy in skattich oranje minybikeje yn de garaazje stean. Dy moast en soe der komme no't wy yn de bosk wenje. Sterker noch: de âldste hat 'm sels byelkoar sparre. "As er wat oan mankearret, kinne wy dy net helpe", ha we fan tefoaren wol hûndert kear sein. Mar hy gong net stikken, fersekere se ús ek minstens hûndert kear. Heus net.

Wy hienen it brommerke noch mar in minút op it hiem stean doe't begong it drama al. Al hoe bot oft wy ek skuorden oan dat toutsje, wy krigen de minybike net oan. Der moast sels help oan te pas komme, foardat ús 11-jierrige Rossi har earste meters ride koe. In dei letter op 'e nij besykje. Dit kear krigen we it motorke wol oan, mar foel it ding nei tsien meter riden fuort wer út. Wy knettersegrinich, ús Rossi yn triennen.

Dus dy jûn tilden we de oranje nachtmerje op de karre en rieden nei in handige freon. Hy lústere nei ús ferhaal oer in motor dy't mar 10 meter ride koe, seach nei it brommerke en luts 'm mei it grutste gemak fan de wrâld oan. Sterker noch, hy ried sels sûnder prutteljende motor in blokje oer it hiem. Wy snapten der neat fan.

Wat die bliken: de motor wie net stikken, de kleppen net smoarch en de silinders net dwerstroch. It benzinekraantsje siet noch ticht. Detail. Yn in minút wie it probleem oplost. Mar as wy in benzinekraantsje al net iens de baas kinne, snappe jim wol dat in Volksweinbuske net oan ús bestege is."

(advertinsje)
(advertinsje)