Eksposysje yn Museum Heerenveen lit it wrede libben yn in Jappenkamp sjen

10 aug 2020 - 07:36

Ferkrêfting, marteling en geastlike mishanneling: it wrede libben yn in Jappenkamp is fan no ôf te sjen yn Museum Heerenveen. Dêr hingje fyftjin skilderijen wêrop te sjen is wat Netty Bottinga fan It Hearrenfean allegear meimakke hat yn in Jappenkamp yn Nederlânsk Yndië. Bottinga waard geregeld martele, mar oerlibbe de oarloch. Se stoar yn 1991 op It Hearrenfean.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Netty Bottinga-Rumondor fertelde har soan Cor Rumondor sa út en troch oer wat har oerkaam wie yn de frouljusfinzenis Boeloe yn Semarang. Cor wie ûnder de yndruk fan de ferhalen en hat se ferbylde yn skilderwurken. "Dy meitsje in soad yndruk", seit Bert Kuiper, dy't goed befreone is mei de keunstner. Kuiper hat fjouwer jier dwaande west mei de tentoanstelling.

Bert Kuiper - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Om't it foar de famylje te emosjoneel is, fertelt Kuiper wat der op de skilderijen te sjen is. "Netty waard op guon dagen meardere keren ferkrêfte troch Japanske soldaten. Ek waarden sigaretten op har lichem útdrukt. Dy littekens hat Netty har hiele libben meidroegen", fertelt Kuiper. "Wat har altyd oerein hâlden en rêden hat, binne in gedicht fan har heit en fiif bûsdoekjes dy't se by har hie en dy't symboal stienen foar har fiif bern. Dy waarden nei har dea weromfûn ûnder har kessen."

Bert Kuiper fertelt oer it libben fan Netty Bottinga

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De eksposysje makket diel út fan de tentoanstelling oer 75 jier befrijing fan It Hearrenfean en is te sjen oant 27 september 2020. De iepening wie sneon. Keunstner Cor Rumondor koe der fanwege syn sûnens net by wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)