Rykswettersteat hinget kamera's op by knooppunt It Hearrenfean

10 aug 2020 - 07:18

Rykswettersteat begjint moandei mei it pleatsen fan kamera's by it ferkearsknooppunt fan It Hearrenfean. Mei help fan de kamera's kin it ferkear better yn de gaten hâlden wurde. As der bygelyks in ûngelok bart, kinne de helptsjinsten better harren wurk dwaan omdat der fuortendaliks al in byld is fan de ferkearssituaasje. It is foar it earst dat soksoarte kamera's brûkt wurde yn ús provinsje.

Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

"De camera's komen hier te hangen omdat dit knooppunt risicovol is", leit projektlieder Simon Rooze fan Rykswettersteat út. "De kans op een ongeluk is bij het knooppunt Heerenveen groter dan bij andere knooppunten. Dit is een klaverbladuitvoering met korte weefvakken, waardoor de kans op een ongeval groter is. We krijgen 24 uur live beelden van de camera's die door collega's worden bekeken. Zij kunnen direct ingrijpen en hulpdiensten inschakelen."

Rêstige diken yn it Noarden

Yn Fryslân is it ferkearsknooppunt by It Hearrenfean it allerearste plak mei sokke kamera's. "Landelijk is er budget, waardoor je moet kijken naar de gevaarlijkste plekken", fertelt Rooze. "In Nederland hangen er al 3000 camera's boven de wegen. Dat zijn er heel wat, maar in het Noorden valt het mee. Dat komt mede omdat het hier een stuk rustiger is."

Grutte operaasje

De oanlis fan de kamera's duorret wol efkes, omdat it in hiele operaasje is. Rooze: "Alle camera's moeten ook voorzien worden van stroom. Dat betekent dat de schop in de grond moet. Het gaat om enkele tientallen meters, waarvoor we wegen moeten afsluiten of een vluchtstrook moeten afzetten. Daarna moeten de camera's ook nog getest worden. Het duurt al met al wel een aantal weken voordat alles werkt."

Projektlieder Simon Rooze fan Rykswettersteat

(advertinsje)
(advertinsje)